Fertochte Febo-brân oanhâlden

29 nov 2005 - 22:57

De plysje hat tiisdeitemoarn in Ljouwerter (24) oanhâlden yn ferbân mei de brân yn snackbar Febo yn Ljouwert, in moanne lyn. It giet om in wurknimmer fan de Febo. Hy wurdt der fan fertocht dat er belutsen west hat by stellerij yn de saak en de brânstifting dêrnei. Foarôfgeand oan de brân is der in soad muntjild stellen.

De plysje hat yntusken it hûs fan de fertochte trochsocht. Mear oanhâldingen wurde op it stuit net útsluten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)