Great Wide Open al útferkocht
Into the Great Wide Open is útferkocht. De foarferkeap fan it Flylanner festival ferrûn sneontemoarn tige hurd. Yn minder as in oere wiene alle kaarten fuort. Into the Great Wide Open wurdt dit jier alwer foar de fjirde kear hâlden.
Ofrûne woansdei waarden de earste bands bekend makke. Dêrby sit ûnder oare de grutte namme Franz Ferdinand.