Nije oanpak hûnestront Ljouwert

29 nov 2005 - 16:22

De gemeente Ljouwert sil de oerlêst fan hûnestront yn de Vosseparkwyk oanpakke. Fan desimber ôf komme der dúdlike regels. Sa moatte de hûnen altiten oan de riem en moat de hûnestront altiten oprêden wurde. Dat kin yn ien fan de tsien hûnehúskes yn de wyk. De stroken grien dêr't de hûnen útlitten wurde koene, meie net mear brûkt wurde.

It giet foarearst om in proef fan in jier. As it slagget, wurdt de oanpak mooglik yn de hiele gemeente ynfierd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)