Gjin boete foar stellen paspoart

© Omrop Fryslân
Ljouwerters fan wa't it paspoart stellen is, hoege gjin boete mear te beteljen. Dat hat de gemeenteried fan Ljouwert moandei besletten. Riedslid Van Olffen (PvdA) hie him lulk makke oer de 32 euro 50 administraasjekosten, dy't betelle wurde moat wannear't ien syn paspoart kwytrekke is.
Dy kosten wienen ek foar de slachtoffers fan strjitrôf. Neffens Van Olffen wurde sy sa dûbel straft. Syn moasje waard moandei oannaam.