Fandalen Hearrenfean oppakt

29 nov 2005 - 11:23

De plysje hat op it Hearrenfean alve jongeren tusken de 16 en de 19 oanhâlden, fanwege fernielerij en gewelddiedich optreden. De jongeren hawwe fan desimber ferline jier ôf op ferskate plakken op it Hearrenfean saken fernield.

It giet om ruten, bushokjes, picknicktafels en in trampoline. Se ha ek in auto begetten mei frituerfet en mei moal bestruid en aaien tsjin gevels fan huzen smiten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)