Plysje helpe by terreur bestride

© Omrop Fryslân
Doarpshuzen, wenningboukorporaasjes en skoallen moatte de plysje helpe by de terreurbestriding. Dat fynt minister Remkes fan Binnenlânske saken. Neffens Remkes steane dy organisaasjes it tichtst by de mienskip en kin dy mooglike radikalisearring earder sinjaleare as de geheime tsjinst AIVD.
Fryske gemeenten soene de organisaasjes dêryn stjoere moatte. Remkes wol dêr begjin takom jier mei de noardelike gemeenten oer te set.