Voedselbank krijt bus fan Omrin

© Omrop Fryslân
De Voedselbank yn Ljouwert krijt in buske fan ôffalbedriuw Omrin. It buske kin brûkt wurde om itenspakketten út te suteljen by minsken mei in leech ynkommen. Dat is de doelstelling fan de Voedselbank. Omrin wol hjir in bijdrage oan leverje.
Bijkommend foardiel is dat der gjin oerstallich iten fuortsmiten wurdt en sa yn it miljeu terjochte komt. It buske wurdt moandei oanbean oan de Voedselbank, op de lokaasje yn Wurdum.