Oerfal goudhanneler Drachten

17 mrt 2012 - 12:01

Oan it Raadhûsplein yn Drachten is sneontemoarn goudhanneler De Goudman oerfallen. Krekt nei alve oere rûnen twa manlju de saak yn. Under bedriging fan in wapen easken de twa jild. Doe't se dat krigen naaiden se út.

De plysje hat in sykaksje op tou set en op oanwizing fan tsjûgen twa mannen oanhâlden dy't bivakmûtsen op hiene. Doe't bliken die dat dy neat mei de oerfal te krijen hiene, binne se wer frijlitten. De sykaksje is no foarearst stilset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)