Doarpshuzen krije jild werom

© Omrop Fryslân
Doarpshuzen kinne fan takom jier ôf hûnderten euro's weromfreegje by de belestingtsjinst. It giet om de helte fan de enerzjybelesting dy 't elkenien betelje moat. Dat is regele yn de Twadde Keamer.
Eins waard by de ynfiering fan dizze ekotaks al tasein dat ynstellings lykas doarpshuzen de helte wer weromkrije koene. Mar yn de praktyk pakte dat oars út. De Fryske Doarpshúzestifting SDF is der yn slagge dêr wat oan te dwaan.