Gjin sloop plysjeburo op Skier

© Omrop Fryslân
It plysjeburo op Skiermûntseach mei foarearst net sloopt wurde en de boufergunning foar in nij plysjeburo wurdt foarearst ynlutsen. Dat hat de rjochter bepaald. In tal ynwenners is it ûniens mei de sloop. De nijbou past neffens har net by it monumentale karakter fan de doarpskern.
De gemeente wol no gauw mei ferskate partijen te set om te sjen hoe't it nei de útspraak fan de rjochter fierder moat mei de makke plannen.