Goed wykein foar Flyers

© Omrop Fryslân
IIshockeyklub Vadeko Flyers fan It Hearrenfean hat dit wykein twa kear wûn fan Ruijters Geleen. Sneon wûn it team fan coach Brian de Bruijn yn eigen hús mei 6-3. Snein wiene de Flyers ek yn Geleen te sterk, de einstân wie 1-4.
Troch de twa oerwinnings bliuwe de Flyers koprinner yn de bekerkompetysje. De Feansters steane op 23 punten nei acht wedstriden. De nûmer twa, Tilburg Trappers, hat 13 punten út fiif wedstriden.