Korsakov-ôfdieling Nieuw Mellens

28 nov 2005 - 17:16

Ferpleechhûs Nieuw Mellens yn Ljouwert begjint fan 'e wike mei in wenfoarm foar minsken mei it syndroom fan Korsakov. Dy minsken ha stoarnissen oan it ûnthâld en gedrachsproblemen, dy't feroarsake wurde trochdat se oan alkohol ferslaafd west ha.

Korsakov-pasjenten hawwe in oare behanneling nedich as de oare bewenners fan Nieuw Mellens. Dêrom is keazen foar in aparte ôfdieling. Der is plak foar seis minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)