Hotel by Schatzenburg

28 nov 2005 - 15:24

Op rekreaasjepark Schatzenburg by Menaam komt nei alle gedachten in grut hotel. Dat fertelde eigner Van Booma sneon by de ferkeap fan de earste kavels op it terrein.

Van Booma tinkt binnen twa jier alle kavels op it terrein te ferkeapjen. De 220 kavels binne bestimd foar bungalows en karavans. Der wie sneon al aardich wat belangstelling foar de ferkeap. Minsken dy't in kavel ha, kinne yn maart al terjochte op Schatzenburg.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)