Ite en fergees parkeare

28 nov 2005 - 12:56

Minsken dy't yn desimber yn Ljouwert te iten gean, krije in útrydkaart foar de parkeargaraazje kado. Se moatte dan wol foar mear as 15 euro ite. De aksje is in inisjatyf fan de gemeente, horeka en de parkeergaraazjes en is bedoeld om mear auto's yn dy garaazjes te krijen.

Sûnt it nije parkearbelied kin der yn de binnenstêd nearne langer as twa oeren parkeard wurde. Yn de garaazjes mei de auto wol de hiele jûn stean, mar dat wurdt noch te min dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)