NUON makket minder winst

28 nov 2005 - 12:55

Enerzjybedriuw NUON hat yn it tredde fearnsjier in flink legere winst helle. It bedriuwsresultaat is mei 20% ôfnaam, nei 115 miljoen euro. Yn deselde perioade ferline jier wie dat noch 143 miljoen euro.

NUON moast in soad jild yn ferbettering fan de tsjinstferliening stekke. Der wiene grutte efterstannen yn de administraasje. It tal klanten is de lêste tiid weromrûn, omdat minsken sels bepale kinne wêr't se de stroom keapje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)