Flyers winne wer

© Omrop Fryslân
De Vadeko Flyers fan it Fean hawwe harren sande wedstriid op rige wûn. Sneon wie Geleen it slachtoffer. Dat waard mei in 6-3 nederlaach nei hûs stjoerd. De perioadestannen wienen 1-0, 2-2 en 3-1. Opfallend wie dat trije goals fan de Feansters skoard waarden troch ferdigeners.
De Flyers steane no boppe-oan yn de bekerkompetysje, mei tweintih punten út sân wedstriden. Snein spylje de Flyers út tsjin Geleen.