Kavels Schatzenburg te keap

27 nov 2005 - 12:55

Sneon is offisjeel de kavelferkeap begûn op rekreaasjepark Schatzenburg by Menaam. Eigner Van Booma tinkt yn twa jier tiid alle 220 kavels foar campers, caravans en bungalows te ferkeapjen.

Doel wie om fjouwer jier lyn al mei de ferkeap te begjinnen. Van Booma kocht Schatzenburg al sa'n fiif jier lyn. It bestimmingsplan liet lykwols net ta de bungalows en caravans dalik del te setten. Nei jierrenlang striid mei de gemeente koe Van Booma sneon dus los.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)