Skoalle Aldwâld dochs ticht

© Omrop Fryslân
De Van Heemstraskoalle yn Aldwâld moat dochs de doarren slute. De learlingeprognoses foar de skoalle binne te min. Dat fynt alteast Roobol, de ynstânsje dy't 13 skoallen yn Achtkarspelen, Dantumadiel en Kollumerlân ûnder syn hoede hat.
Der binne op dit stuit 24 learlingen mar Roobol ferwachtet dat it tal al op koarte termyn ûnder de 23 komme sil. En dat is wetlik it minimum tal foar in basisskoalle.