Skieppedief warber yn Stiensgea

26 nov 2005 - 12:56

Stiensgea hat te lijen fan skieppedieverij. Ut in stik greide oan de Legeloane binne yn twa wiken tiid twa Texelse lammen stellen.

De stamboekskiep binne fan in Surhuzumer. Neffens him binne de skieppedieven 'kenners.' Se nimme de moaiste en fetste skiep mei. De man warskôget oare hobbyboeren om goed om harren fee te tinken. De plysje hâldt de greiden yn 'e omkriten goed yn 'e gaten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)