Friezinnen dogge mei oan rally

25 nov 2005 - 18:15

De Friezinnen Ester Visser en Caroline de Greeff sille as 'rallyteam ladies first' yn in âld Saab 96 meidwaan oan de rally Amsterdam-Beijing. De reis fan Nederlân nei Sina giet oer 18.000 kilometer, troch sechtjin lannen en kostet 60.000 euro.

Foar de froulju komt in dream út. En ek al is de rally net earder as simmer takom jier, de tariedings binne yn folle gong. De froulju krije no al in kursus auto reparearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)