Kraan kantele yn Drachten

© Omrop Fryslân
In kantele kraan hat freedtemoarn oan de Roef yn Drachten foar problemen soarge. De kraan wie ynset om beammen fuort te takeljen, dy't kapt wurde moatte.
De kraanmasjinist hie krekt in beam omheech takele, doe't dy losrekke en dwers troch it dak fan in saak yn automaterialen foel. De kraan sels kantele en foel om. It is noch net dúdlik hoe grut de skea oan kraan en winkel krekt is.