Huzum wach op autobrannen

© Omrop Fryslân
De autobrannen fan de lêste tiid yn de Ljouwerter wyk Huzum hâlde de bewenners yn de besnijing. De minsken binne tige wach en wolle de auto ticht by har hús parkearje. Der binne minsken dy't nachts wacht hâlde yn de auto.
De wykferiening giet der fanút dat in pyromaan ferantwurdlik is foar de brannen. De plysje wol dat net befestigje. Oant no ta binne hast 10 auto's yn Huzum in de brân stutsen.Der sitte fiif resjersjeurs op de saak.