Nije baas Fryske wurkjouwers

© Omrop Fryslân
Durk van Tuinen út Warkum wurdt de nije foarsitter fan de Fryske ôfdieling fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW. Hy folget op 1 jannewaris Rik Siebers op.
De 48-jierrige Van Tuinen wurket as finansjeel direkteur by it Frisia sâltfabryk yn Harns. Hy is ek foarsitter fan 'e ûndernimmersfederaasje Westergozone. Van Tuinen is sûnt 2003 as bestjoerlid aktyf by VNO-NCW Fryslân en ek fan de ôfdieling Noard-Nederlân.