De Grië is Michelin-stjer kwyt

25 nov 2005 - 13:51

Restaurant De Grië yn Oosterend op Skylge is syn Michelinstjer kwytrekke. It restaurant hat de stjer tolve jier achter elkoar hân, mar neffens de nijste edysje fan 'e Michelingids komt it restaurant no net mear foar de prestizjeuse stjer yn oanmerking.

Yn Fryslân binne no noch twa restaurants mei in Michelinstjer. Dat binne de Koriander yn Drachten en de Heeren fan Harinxma yn Beetstersweach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)