Accell krijt legere boete

© Omrop Fryslân
Fytsemakker Accell fan It Hearrenfean hoecht in minder hege boete te beteljen foar it meitsjen fan ferbeane priisôfspraken mei oare fytsefabrikanten. Dat hat de mededigingsautoriteit NMa bekend makke.
Accell, fabrikant fan de merken Batavus en Koga, moat no in boete betelje fan 11,5 miljoen euro yn stee fan 12,8 miljoen. Accell is it noch hieltyd ûniens mei de boete en stapt nei de rjochter.