Wenbuorkerij Ychten útbaarnd

© Omrop Fryslân
Yn Ychten is tongersdeitemiddei in wenbuorkerij oan de Hoofdweg hielendal útbaarnd. By de brân binne gjin minsken ferwûne rekke. In hûn hat it net oerlibbe. By de brân is asbest frij kaam.
It is neffens in wurdfierder fan de gemeente Lemsterlân wol fan it minst skealike soart. Mar it terrein is wol ôfsetten en de omwenners binne troch in brief fan de gemeente op de hichte brocht fan it asbest.