Polsbân finzenis kin gewoan ôf

25 nov 2005 - 09:17

Learlingen fan de Friese Poort yn Ljouwert hawwe it befeiligingssysteem fan de nije finzenis yn Lelystad diels kreake. In pear koene de polsbannen foar de elektroanyske bewaking ôfdwaan. Mei dy polsbannen kinne finzenen 24 oeren deis folge wurde troch de bewaking. Ofdwaan is net de bedoeling.

De 150 befeiligingsminsken-yn-oplieding sieten trije nachten yn de nije finzenis, mei seis man op ien sel. De ynrjochting koe sa proefdraaie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)