Mear jild achterstânslearlingen

24 nov 2005 - 17:35

Plattelânsskoallen moatte mear jild krije foar achterstânslearlingen. Dat wol de Twadde Keamer nei oerlis mei ûnderwiisminister Van der Hoeven.

Skoallen krije ekstra jild as se op syn minst 6,4% fan sokke learlingen hawwe. In soad plattelânskoallen helje dat persintaazje net en krije it jild dus ek net. De Keamer wol no de drompel ferleegje of ôfskaffe. Dan is der wol in soad ekstra jild nedich, seit de minister.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)