Undersyk P. Baansintrum HIV-man

24 nov 2005 - 17:16

It Pieter Baansintrum moat de HIV-man dy't in plysje biten hat, ûndersykje. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert bepaald yn de strafsaak tsjin in man (25) út Burundi. Dy hat de ôfrûne simmer in plysje (35) yn de pink biten, wylst er mei HIV besmet is.

De plysjeman easke dat de man in bloedtest dwaan moast en krige dêr gelyk yn. It Iepenbier Ministearje ferfolget de man út Burundi foar poging ta swiere mishanneling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)