Baas Boppe Baas nei Noard-Hollân

24 nov 2005 - 17:13

Baas Boppe Baas komt ek yn Noard-Hollân op de regionale televyzje. Omrop Fryslân hat de searje ferkocht oan RTV Noard-Hollân. Earder stjoerde RTV Oost yn Twente de searje út.

Fierders wie de searje dizze simmer te sjen op Nederlân 1. Dêr seagen yn trochsneed 150 tûzen minsken nei. Twa ôfleverings lutsen sels goed 250 tûzen sjoggers. Mooglik folget der noch in twadde searje fan Baas Boppe Baas op Nederlân 1.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)