Dei langer neiblusse by AZC

© Omrop Fryslân
De brânwacht hat woansdei opnij oan it blussen west by it AZC yn Frjentsjer. Tiisdeitemoarn brânde in diel fan de wenromtes fan de asylsikersopfang út. Middeis lôge it fjoer opnij op, reden foar de brânwacht fan Frjentsjer om yn aksje te kommen.
It fjoer waard útmakke en it gebou waard dêrnei noch in skoft yn 'e gaten hâlden. Neffens de brânwacht is it hiel gewoan as it nei it blussen wer begjint te baarnen.