Krystdiner foar Gana

24 nov 2005 - 16:13

Twa Fryske froulju hâlde in aksje foar in 'Krystdiner' foar bern yn Gana. De twa kamen op it idee nei in lêzing fan in dûmny út it Afrikaanske lân. Dy hie de winsk om 500 bern yn syn thúslân in Krystdiner oan te bieden.

Neffens de dûmny is allinne al in gleske kola in traktaasje foar de bern. De froulju neame de aksje 'Kola mei de Krystsdagen'. Se besykje de 600 euro dy't it diner kostje moat, los te krijen by bedriuwen en partikulieren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)