Opnij autobrannen yn Ljouwert

24 nov 2005 - 12:36

Yn Ljouwert hat woansdeitenacht opnij brânstichting west yn auto's. Yn de Hobbemastrjitte yn Huzum-wyk stie om in oere of ien in autobân yn de fik. De eigner hat it fjoer sels útmakke. Oardel oere letter baarnde yn de wyk Camminghabuorren in autobumper oan de Ubbemastins. De plysje hat it fjoer mei in poeierblusser útmakke.

De lêste wiken binne ferskate auto's yn Ljouwert yn 'e brân stutsen. De plysje wurket mei fiif resersjeurs oan de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)