Winkel Grou toant foto's dieven

© Omrop Fryslân
In winkel yn Grou lit foto's fan twa fertochten fan stellerij hingje, ek al is dat ferbean. Ein ferline wike ferdwûn in djoere plasma-tillevyzje út de saak. Omdat der dúdlike bylden binne fan de dieders hat de eigner de foto's ophongen. De plysje wol dat de foto's fuorthelle wurde, mar de eigner hopet dat de dieders herkend wurde of dat se de bút werombringe. De winkelman wol de saak oanfjochtsje oan de Hege Ried ta.