Studinten pleitsje foar autodyk

24 nov 2005 - 10:22

De gemeente Ljouwert moat better harkje nei de winsken fan omwenners by de plannen foar de ûntsluting fan de stêd. Dat sizze de winners fan de ANWB-skripsjepriis, de ferkearskunde-studinten Chris Munneke en Henk Doeke van Waveren fan de NHL yn Ljouwert.

De studinten pleitsje foar in autodyk tusken It Hearrenfean en Ljouwert by it besteande treinspoar del. De gemeente wol dat net, mar neffens de studinten is der wol draachflak foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)