Spegelkarpers útset yn De Leijen

24 nov 2005 - 10:21

Op in soad plakken yn Fryslân binne se hast net mear te finen, mar yn De Leijen by De Pein swimme op it stuit hûnderten spegelkarpers. Wetterskip Fryslân en de Federaasje Fryslân fan Sportfiskersferienings hawwe woansdeitemiddei 300 kilo oan spegelkarpers yn it gebiet útset.

Earder waard der út deselde mar 35.000 kilo blei fiske om de kwaliteit fan it wetter te ferbetterjen. Blei wrot yn de boaiem en dat makket it wetter troebel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)