Bettere trochstream needopfang

© Omrop Fryslân
De Feriening Fryske Gemeenten en de IND meitsje wurk fan de trochstream yn de needopfang foar útprosedearre asylsikers. Der sitte no 300 minsken yn de Fryske needopfang.
De nije wurkwize moat mear plak opsmite. Sa sille de dossiers fan útprosedearren opnij besjoen wurde en kinne gemeenten de finansiering fan needopfang stopsette. Ek moat oar plak fûn wurde foar útprosedearren dy't noch wol yn in proseduere sitte.