Húslik geweld mei 20% ta naam

23 nov 2005 - 23:25

It oantal gefallen fan húslik geweld is de earste acht moanne fan dit jier mei tweintich prosint ta naam yn Fryslân.

Woansdeitemoarn is yn Ljouwert it advys en meldpunt húslik geweld iepene. Dat is bedoeld om advys en stipe te jaan oan in brede doelgroep. Dat kinne slachtoffers wêze, mar ek omstanners, tsjûgen en dieders. Alle jierren binne der gemiddeld 56.000 ynsidinten mei húslik geweld yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)