'Enna sjantearret personiel'

© Omrop Fryslân
Wurknimmers fan Enna Aerosols yn Dokkum wurde sjantearre, sizze de fakbûnen. De direksje driget dizze moanne gjin lean te beteljen as se net ynstimme mei it reorganisaasjeplan. Dat hâldt yn dat 71 fan de 95 personielsleden dien krije. Enna-direkteur Trost wol noch foar 1 desimber fan dy minsken ôf.
Neffens de bûnen is de proseduere de wrâld op syn kop. Gewoanwei moatte ûntslaggen by it CWI oanfrege wurde, mar dat is net bard.