Rus moat foar de rjochter komme

© Omrop Fryslân
In Russyske man fan 23 moat nije wike foar de plysjerjochter yn Ljouwert ferskine. De man wurdt der fan fertocht foar de wedstryd fan Hearrenfean tsjin CSKA Moskou op 3 novimber foar rellen soarge te hawwen. Dy wiene yn en om in kafee oan de Oude Koemarkt.
Ien persoan rekke ferwûne en der waarden tal fan saken fernield. In twadde Rus, dy't ek oanhâlden waard op 3 novimber, is nei ferhoar wer frijlitten. Hy wurdt net ferfolge.