Kooistra op kaarten fan Hallmark

© Omrop Fryslân
Wurk fan de Fryske keunstkilder Jan Kooistra fan Damwâld sil útbrocht wurde op ansichtkaarten. It Amerikaansk winskkaartebedriuw Hallmark hat Kooistra dêrfoar benadere.
Hallmark is wrâldlieder op de merk fan winskkaarten. It bedriuw ferkeapet se oan mear as 100 lannen. Kooista hat in eigen galery yn Dokkum. Hy is bekend wurden mei blom-akwarellen. De lêste tiid skilderet er foaral lânskippen en seegesichten, mar ek bisten en blommen.