Snitser oanhâlden mei fjoerwurk

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn Snits in 18-jierrige ynwenner fan de stêd oanhâlden, omdat er yn it besit wie fan fjoerwurk. De jonge hie fjoerwurk út it rút fan in skoalle oan de Julianaleane smiten.
De plysje is de skoalle yngien en hat de fertochte oanhâlden. Hy hie noch fiif stikken fjoerwurk yn syn tas. Op it buro bekende de jonge dat er noch mear fjoerwurk hie. It guod is yn beslach naam en de jonge hat in proses ferbaal krigen.