Spul oer tsjinstregeling Flylân

23 nov 2005 - 10:09

De VVV fan Flylân sil no tongersdei mei rederij Doeksen prate oer de nije tsjinstregeling foar de boat nei it eilân. De rederij wol takom jier yn it heechseizoen 16 ôffaarten minder yn 'e wike dwaan. Dat soe neffens de VVV grutte gefolgen ha foar it toerisme.

De VVV hat dêrom ferline wike frege minder ôffaarten ferfalle te litten, neffens Doeksen wie it dêr doe al te let foar. Mar no is er toch romte foar oerlis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)