Alde persliedingen út grûn helle

23 nov 2005 - 08:40

It Wetterskip Fryslân sil tenei persliedingen dy't net mear brûkt wurde út de grûn helje. Oant no ta liet it Wetterskip de liedingen faak sitte en droech se oer oan de eigner fan de grûn.

Yntusken hat bliken dien dat dizze manier fan wurkjen juridysk net goed regele is. It Wetterskip wol dêrom yn de takomst de âlde persliedingen fuorthelje. Om dat betelje te kinnen wurdt per jier 400.000 euro reservearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)