Grutte brân yn Harns

17 mrt 2012 - 03:53

By in grutte brân yn Harns is yn de nacht fan freed op sneon in bedriuwsgebou oan de Marconistrjitte yn de stêd foar in grut part ferlern gien. De helte fan it gebou baarnde ôf. Yn dat part wiene in soad boeken opslein fan útjouwerij Sjaloom. Dy binne allegear ferlern gien.

It twadde diel fan it gebou koe troch de brânwacht rêden wurde troch de brânwarjende skieding dy't ynboud is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)