Grutte brân AZC Frjentsjer

© Omrop Fryslân
Yn it AZC fan Frjentsjer is tiisdeitemoarn betiid brân útbrutsen yn in unit op it kompleks. De brânwacht is mei grut materieel útrukt. Der is gebrûk makke fan in heechwurker.
Der hat gjin gefaar west foar de bewenners fan it sintrum. Yn de útbaarnde unit wenne noch ien persoan. Yn it asylsikerssintrum sitte noch 70 minsken. 20 bewenners moatte troch de brân evakuearre wurde. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekind.