Gjin sûne kij ôfmeitsje

22 nov 2005 - 23:03

Bistedokters yn Dokkum wegerje sûne kij ôf te meitsjen. Boeren moatte dy no ferplicht oanmelde, om foar te kommen dat bistesyktes ferspraat wurde sûnder dat ien it troch hat. De bistedokters fine dat wannear't in ko sûn is, mar net goed registrearre stiet, de ko net dea hoecht.

Om foar te kommen dat sûne kij, lykas by de tongblierkrisis yn 2001, ôfmakke wurde wol bistedokter Egberink lanlik in diskusje oer dit ûnderwerp begjinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)