Nei skoalle sûnder iten

© Omrop Fryslân
Ien op de fiif learlingen fan it VMBO giet nei skoalle sûnder iten. Dat docht bliken út in ûndersyk dat hâlden is op it Dockinga Kolleezje, mei festigings yn Ferwert en Dokkum. Mei-elkoar hawwe dêr goed 1000 learlingen oan meidien.
Benammen bern yn de hegere klassen ite moarns net, omt se gjin tiid of sin hawwe. Fan de bern dy't wol ite, docht mear as in fjirde part dat omt it moat fan heit of mem. De skoalle wol de bern no wize op it belang fan goed iten.