'Ynspylje op toerist'

22 nov 2005 - 12:27

De Fryske toeristyske sektor moat mear dwaan om arranzjeminten te ferkeapjen. Dat sei projektleider Martin Cnossen fan it Toeristisch Platform Noard-West Fryslân tsjin ûndernimmers en toeristyske organisaasjes.

Der moat neffens Cnossen tusken dy partijen mear gearwurke wurde. Toeristen geane hieltyd faker op aktive koarte fakânsjes. Fierder hat it Platform plannen foar in zeppelin tusken Fryslân en de eilannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)