v/d Eems nomineard foar Gouden Z

22 nov 2005 - 11:02

Direkteur Durk-Jorrit van der Eems, fan drukkerij Van der Eems is nomineard as ûndernimmer fan it jier foar de saneamde 'Gouden Z Award'. It giet om in priis fan de sektor sels, dy't yn 1997 ynsteld is.

Van der Eems is al tsien jier direkteur by de drukkerij. Sûnt dy tiid binne der twa festigingen bykommen. Van der Eems sit no yn Boalsert, Easterein en it Hearrenfean. Op 9 desimber is de priisútrikking yn Nijkerk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)